H'fean lit djoere punten lizze

21 apr 2012 - 22:06

Sportklup Hearrenfean hat djoere punten lizze litten yn de striid om Europeesk fuotbal. Yn it Abe Lenstra stadion spile Hearrenfean mei 1-1 lyk tsjin Vitesse. Yn de begjinfaze like der neat oan de hân en nei fiif minuten skoarde Filip Djuricic de 1-0. Stadichoan kaam Vitesse better yn de wedstriid. In hiel soad kânsen krige Vitesse net, mar yn de 79ste makke ynfaller Mike Havenaar de fertsjinne lykmakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)