Drachtster frou fermoarde yn Irak troch har man

19 feb 2016 - 11:07

De 24-jierrige Safhinaz Zerrouy út Drachten is fermoarde yn Noard-Irak. De frou waard earder dizze wike deasketten mei in kalasjnikov troch har man, in Irakese Koerd. De Drachtster hie fjouwer bern mei har man, wêrûnder in poppe fan in pear wiken âld. De reden foar de moard is noch ûnwis. 

It ministearje fan Bûtenlânske Saken docht der alles oan om it lichem fan de frou werom te heljen nei Nederlân. De Nederlânske ambasade yn Irak ûnderhannelet dêroer mei de Irakese autoriteiten.

De dieder gong nei de moard op 'e flecht, mar is yntusken oanhâlden troch de Irakese plysje. De fjouwer bern út it gesin binne ûnderbrocht by de famylje fan de dieder. De famylje fan de frou wol graach dat de bern weromkomme nei Nederlân. It ministearje siket út oft dat te regeljen is.

De famylje fan de frou is yntusken in ynsammelingsaksje starten om de kosten fan it weromheljen fan it lichem betelje te kinnen.

Trefwurden: 
moard frou Irak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)