Kop-sturtbotsing en slippartij troch mist en glêdens

19 feb 2016 - 10:30

De mist en de glêdens hawwe freedtemoarn foar fertragingen en ûngelokken soarge op de Fryske diken. Op de A6 by Sint-Nyk wiene fjouwer auto's belutsen by in kop-sturtbotsing. In ambulânse hat op it plak fan it ûngelok help ferliend oan twa ferwûnen.

Ek by Akkrum gie it mis. Dêr rekke in auto yn de slip troch de sjippeglêde dyk en gie oer de kop. De bestjoerder koe sels út de auto komme. De plysje jout oan dat der fan 'e moarn ekstra struid is by Akkrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)