Dokkumer IFKS-skûtsje krijt namme 'Stêd Dockum'

Stêd Dockum, dat is de namme fan it Dokkumer skûtsje dat yn augustus dielnimme sil oan de IFKS. De fjouwer inisjatyfnimmers binne Jan Marten Zeilstra, skipper Jelmer Bloembergen, Sjon Roosgeurius en Douwe van der Spoel.
Mei 'Stêd Dockum' wolle de manlju promoasje meitsje foar it skûtsjesilen en Dokkum as wettersportstêd better profilearje. It skip begjint yn de C-klasse fan it jierlikse kampioenskip op it wetter, dat fan 13 oant en mei 20 augustus hâlden wurdt.