Studinteferieningen Ljouwert wolle mear leden lûke

Ljouwerter studinten ha massaal gjin ferlet fan studinteferieningen. Mar fiif prosint fan de studinten sit by sa'n klup en dat is fier ûnder it lanlik gemiddelde. Om dit oan te pakken sil stichting 'Leeuwarden Studiestad' gearwurkje mei de lokale studinteferieningen.
It plan is om de ferieningen mear ûnder de oandacht fan nije studinten te krijen. Dêrneist binne 23 bestjoersleden fan studinteferieningen ôfrûne wike begûn mei mediatraining, om yn 't ferfolch better mei studinten te kommunisearjen.