De hûn mei wer los yn de bosk by Aldemardum

Der meie dochs wer hûnen los rinne yn de bosk by Aldemardum. Steatsboskbehear stelt in nij gebiet foar hûnen iepen tusken camping De Waps en de Beukenleane. Yn desimber ferline jier waard de hiele bosk sletten foar hûnen, omdat der neffens Steatsboskbehear tefolle ynsidinten wienen.
De ôfrûne wiken is fia ynternet frege om mei te tinken oer in oplossing. Dêr binne in soad reaksjes op kaam. De bosk by Aldemardum is it iennige plak yn Gaasterlân dêr't hûnen losrinne meie. Dêrom wie it hiel populêr by hûnebesitters yn de buert.
Drokker yn de bosk
Neffens Steatsboskbehear is it wol hieltyd drokker wurden yn de bosk, mei kuierders, fytsers en mountainbikers. De ynstânsje wol mei al dy partijen rekken hâlde. It nije gebiet yn de bosk by Aldemardum wurdt dúdlik oanjûn mei buorden. Minsken dy't net fan hûnen hâlde, binne dan warskôge.
Oare gebieten
Yn oare dielen fan de bosk moatte de hûnen wol gewoan oan de line. Steatsboskbehear besjocht noch oft der ek yn oare natuergebieten yn Súdwest-Fryslân gebieten komme kinne dêr't de hûnen los rinne meie.