Gertjan Verbeek ferlingt kontrakt by it Dútske Bochum

18 feb 2016 - 14:43

Fuotbaltrainer Gertjan Verbeek bliuwt yn Dútslân. Hy hat tongersdei syn kontrakt by Bochum mei twa jier ferlinge. Dêrmei liket in eventueel weromkommen by SC Hearrenfean fan 'e baan. Verbeeks namme waard neamd as opfolger fan Foppe de Haan, dy't der nei dit seizoen mei ophâldt.

Gertjan Verbeek besiket mei Bochum yn de heechste difyzje fan Dútslân, de Bundesliga, te kommen.

Trefwurden: 
fuotbal Gertjan Verbeek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)