Takomst V&D-gebou Ljouwert ûnwis

18 feb 2016 - 14:15

De gemeente Ljouwert hâldt der noch hieltyd rekken mei dat moadeketen Zara yn it V&D-gebou yn de stêd komme sil. It net trochgean fan de trochstart fan V&D hat dêr gjin ynfloed op. Dat seit wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert.

Deinum hat de ôfrûne dagen kontakt hân mei de kuratoaren en de eigener fan it V&D-gebou. It oarspronklike plan wie om Zara en V&D it gebou diele te litten. No't V&D fuort liket te fallen, is Deinum posityf oer de komst fan oare bedriuwen nei it gebou ta.

Wenningen yn it gebou

Mocht Zara dochs net yn it gebou komme, dan stelt bedriuwsmakeler Juko Schoonhoven fan Ljouwert foar om de begeane grûn yn fjouwer parten te ferdielen. De etaazjes soene mooglik geskikt wêze foar wenten, sa seit Schoonhoven.

Trefwurden: 
V&D Henk Deinum Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)