Boek oer Alvestêdeheld Reinier Paping

Foar it earst ferskynt der in boek oer Reinier Paping, de held fan de Alvestêdetocht fan 1963. It boek wurdt tongersdeitemiddei presintearre yn it Eerste Friese Schaatsmuseum yn Hylpen. It beskriuwt de tocht fan '63 en de ympekt dêrfan op it libben fan de reedriders, mar ek de jonge jierren fan Paping.
Reüny
De datum foar de boekpresintaasje is net samar keazen, want tongersdei wurdt Paping 85 jier. Foar dizze gelegenheid binne syn famylje en âld-reedriders lykas Jan en Max Uitham, Henk Ottema en Jan Bruine de Bruin útnûge yn Hylpen.
Skriuwer Mark Hilberts skoot tongersdeitejûn oan yn it programma Bynt.