Fleanbasis Ljouwert krijt permanint lûdsmjitnet

18 feb 2016 - 15:30

De fleanbasis yn Ljouwert krijt in permanint lûdsmjitnet. Yn 2017 moatte der tweintich mjitpunten realisearre wêze. It RIVM en it Nederlânske Loft en Romtfeartsintrum NLR ha ûndersyk dien nei de mjittings en kamen mei in advys. Minister Hennis fan definsje nimt de oanbefellings fan de twa groepen oer en dat betsjut dat it permaninte mjitnet der yn 2017 komt.

Kosten

De kosten fariearje tusken de 80.000 en hast 350.000 euro yn it jier foar it permanint mjitten en it online byhâlden fan de mjittingen. It ferskil sit 'm yn de soart apparatuer dy't brûkt wurdt. It is noch de fraach wa't dat betelje moat. De provinsje fynt dat de kosten foar rekken fan definsje komme moatte. 

Kommisje lûdsoerlêst

Geert Verf dy't út namme fan omwenners fan de fleanbasis yn de kommisje lûdsoerlêst sit, is bliid mei de útkomsten. Der kin yn de takomst sa in goed byld sketst wurde fan it leven dat de F35 makket en dus kin der ek hânhavene wurde as de noarmen oerskreaun wurde. Al fynt hy it spitich dat it net mooglik is mjitapparatuer rûnom de folsleine basis te pleatsen. 

Oanlieding foar it ûndersyk is in moasje fan PvdA-keamerlid Angelique Eijsink. Sy trune oan op de komst fan sa'n permanint mjitnet by de bases fan Ljouwert en Volkel. Sa moat foar omwenners mooglik wurde om goed ynsjoch te krijen yn de lûdsoerlêst fan de gefjochtsfleantugen fan de loftmacht. 

'Belevingsvluchten' foar omwenners

Om de omwenners noch mear temjitte te kommen, wol de loftmacht dizze maaitiid saneamde 'belevingsvluchten' hâlde. It is de bedoeling dat ien fan de Nederlânske F35's de oerstek út Amearika makket nei Nederlân en hjir oefenflechten makket. Sa moat dúdlik wurde wat de minsken ferwachtsje kinne. 

(advertinsje)