UWV: Wurkleazens yn Fryslân opnij tanaam

UWV © ANP
De wurkleazens yn Fryslân is yn jannewaris op 'e nij omheech gien. Ein jannewaris hiene goed 21.500 Friezen in wurkleazensútkearing, goed seis persint mear as yn de moanne derfoar. Yn fergelyk mei ferline jier is it oantal gelyk bleaun. Dat meldt it UWV.
De útkearingsynstânsje seit dat de ynfiering fan de wet Werk en Zekerheid in rol spilet by de taname. Dêrtroch kinne minsken fanút de WW foar in leger salaris oan it wurk. Sy hâlde in oanfolling út de WW en dat betsjut dat in groeiende groep langer meitellen bliuwt yn de WW-sifers.
Ek yn Grinslân en Drinte gie it tal wurkleazen omheech, sels wat mear as yn Fryslân.