Kollum: "Tinder en Google"

18 feb 2016 - 08:31

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Ik wol der earst mar in stelling tsjinoan smite. It besjen fan froulju, mei as doel der in relaasje mei oan te knoopjen, is fan alle tiden. En oarsom wurket dat krekt sa. Froulju sjogge ek nei manlju, en lesbyske en homofile relaasjes ûntstean ek op dy wize. De populêre namme fan dit fenomeen is fleiskeuring. No mar net dwaan of binne jim roomsker as de paus, elkenien hat it op ien as oare wize wolris dien.   

Sneintejûn kertier oer achten siet ik foar de televyzje, want der kaam in dokumintêre oer Sina op en dêr hienen wy goede ferhalen oer heard. It wie yndie in moai filme en ferteld ferhaal, it gie ûnderoare oer in man dy’t minsken rêde as se fan doel wienen om fan in hege brêge ôf yn de rivier de Jangtse te springen en sa in ein oan harren libben te meitsjen. Swiere kost, de man die goed wurk, mar wie der wol alkoholist troch wurden. Ek liet it programma sjen dat der tefolle manlju en te min froulju yn Sina binne. Op in houliksmerk biede de âlders harren bern op papierkes oan as potinsjeel partner, omdat it foar de âldere generaasje Sinezen tige wichtich is dat harren bern ûnderdak fine.  

Ik ha myn frou foar it earst sjoen yn It Brune Jaske. In ferneamde kroech yn Drachten, dêr’t se hearlike swartgallige muzyk draaiden en it rûkte der nei túnkrûden. De generaasje dêr’t wy fan binne, trof harren partners meastal yn in diskoteek of sa. By tsjerklik folk wienen der de útwikselingen dêr’t noch wolris wat jonges en famkes oanelkoar hingjen bleaunen. Earder rûn de jeugd dy’t in skarrel socht de Bokkeleane op en del, of paradearre oer de Dracht op It Feen. Allegearre mei itselde doel. 

Doe’t de dokumintêre dien wie, bleau ik noch efkes sitten. En ferhip, der kaam noch ien efteroan. Tegenlicht. En dy gie oer de nije Bokkeleane, want dy is yntiids digitaal wurden. De jeugd fan no freget net mear samar ien om ferkearing, mar sjocht earst efkes op Tinder as se wol in match ha. Wy besochten dat sels út te finen, mar jo kinne dat folle effisjinter dwaan troch in fragelist yn te fôljen en dan fynt de kompjûter wol ien dy’t goed by jo past. It moaie is dat der ek foto’s by steane, dus swipe de minsken de hiele dei de iene nei de oare kandidaat partner foarby. En dat is dus krekt itselde as eartiids yn de diskoteek of op de Bokkeleane, in fleiskeuring. Allinnich ha wy hjir in foarm fan matchfixing, Tinder hat al in foarseleksje makke. Neffens my is dat typysk wat fan hjoed-de-dei. Minsken wolle net mear sels dingen witte, mar dat Google en Tinder it foar harren wit. Wy kinne de skoallen ek wol ôfskaffe, ien kursus Google is genôch.

Healwei it programma wie ik der moedeleas fan. Wat in nep gedoch. Der wie in keardel yn de show dy’t moannenlang in geweldige match mei in machtich moai frommis neamd Svedlana hie. Se pasten yn alles perfekt by-elkoar. Pas nei in oantal moannen online droechneuke kaam hy der efter dat Svedlana net in geil wiif wie, mar in kompjûter. Sa wie der dus ek ien dy’t mei droege eagen foarsei dat wy skylk ek in relaasje mei in robot ha sille. Dy dogge krekt wat wy wolle. De oplossing foar it tekoart oan froulju yn Sina, skeat troch my hinne. In robot as ferfanger fan in echt minske.

No ja, safolle nep wie by my hast reden om de TV mar út te dwaan, mar doe kaam der in wiskundige op dy’t ek Tindere. Dy man hie al wat dates hân, mar hy wie net ûnder de yndruk fan it oantal matches dat er hie. Dus hackte er de kompjûters fan Tinder en nei wat simpele oanpassings hie er samar 30.000 matches. Dus hy gie hielendal los. En mar date. Mar geandewei kaam hy der efter dat al dy froulju dêr’t er in match mei hie, allegearre op elkoar liken. Sterker, se bestelden deselde drankjes en tilden de wynglêzen suver hast op identike wize op. Dêr wie op in gegeven momint de aardichheid ôf en hy socht ien op dy’t in ôfwikend profyl hie, paste syn eigen ek wat oan, en jim fiele it al oankommen, hy fûn syn hjoeddeistige partner. Omdat it profyl fan dy oare ek ôfwykte.

Sjoch, dat stimde my hoopfol. Ofwikende profilen dy’t yn in troch Tinder en Google behearske wrâld dochs elkoar witte te finen. Want se kinne noch safolle moais betinke en de helpmiddels Tinder, OKCupid en alle oare datingsites sille grif helpe om ien te finen dy’t jo op it earste gesicht wol wat taliket, in bliuwende relaasje begjint dêrnei pas. Dy swipe je net mei ien finger oan de kant."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)