Aris kânsleas tsjin lânskampioen Den Bosch

Spilers fan Aris (argyffoto) © Twitter Eric Ennema
De basketballers fan Aris binne sa goed as wis útskeakele foar in plakje yn de bekerfinale. De earste heale finale yn Ljouwert, tsjin lânskampioen Den Bosch, gie kânsleas ferlern mei 55-72.
Der folget noch in return yn Den Bosch op 8 maart. Dy wedstriid liket, mei de útslach fan woansdeitejûn yn it Kealledykje, in formaliteit te wurden.