Homoseksuele stazjêr wurdt yn it gelyk steld

17 feb 2016 - 22:12

It College voor de Rechten van de Mens hat Bas van der Meer út Drachten yn it gelyk steld as it giet om syn ôfwiisde staazjeplak by it Drachtster bedriuw A.Th. de Boer. It lânboumeganisaasjebedriuw wegere Van der Meer yn novimber ferline jier in staazjeplak omdat er iepentlik foar syn homoseksuele aard útkaam. A.Th. de Boer koe dêr net mei libje, basearre op syn kristlike oertsjûging.

Neffens it kolleezje wurdt dêrmei de wet skeind en is der sprake fan diskriminaasje.

Ynnommen mei beslút

It bedriuw hie mei it oannimmen fan in stazjêr gjin ûnderskied meitsje mocht tusken in heteroseksuele of in homoseksuele persoan. De Drachtster lit yn in earste reaksje witte dat er ynnommen is mei it beslút fan it kolleezje. Hy hat tongersdei noch in petear mei de offisier fan justysje. Watfoar gefolgen de útspraak hat foar A.Th. de Boer yn Drachten is noch net dúdlik.

COC

Direkteur Cees van Balen fan COC Fryslân fynt dat mei de útspraak rjocht dien wurdt oan de wet sa't dy yn Nederlân jild. It Drachtster bedriuw A. Th. De Boer wol net reagearje.

Net binend

De útspraak fan it College voor de Rechten van de Mens is net binend. It kolleezje hat in advysfunksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)