Fuotbaloffisjal en âld-trouamtner Hans Bouwhuis ferstoarn

Hans Bouwhuis doe't er noch trouamtner wie © Omrop Fryslân
KNVB-bûnsridder Hans Bouwhuis is ferstoarn. Bouwhuis hat 51 jier lang in ferskaat oan funksjes hân yn de fuotbalsport. Sa wie er skiedsrjochter, sekretaris fan de eardere Fryske ôfdieling FVB en lid fan kommisje fan berop fan distrikt Noard.
Fanwegen syn grutte fertsjinsten foar it Nederlânsk fuotbal waard Bouwhuis yn 2004 beneamd ta bûnsridder. Fierder wie de Ljouwerter ek jierrenlang bekend as trouamtner en âld-foarsitter fan it CDA yn de Fryske haadstêd.