Moadewinkels La Ligna hawwe útstel fan betelling oanfrege

La Ligna
Moadeketen La Ligna, mei Fryske fêstigingen yn Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean, hat útstel fan betelling oanfrege. It bedriuw telt lanlik 51 winkels mei sa'n 230 meiwurkers. Woansdei is it personiel ynformearre oer de finansjele problemen. Achter de skermen wurdt yntusken drok wurke oan in trochstart.
De swierrichheden hawwe neffens it bedriuw alles te krijen mei de 'algehiele malêze' dêr't in soad kleanwinkels mei te krijen hawwe.