Sjinkie, Marit en Alyda sporters fan it jier op Sportgala

17 feb 2016 - 20:11

Op It Hearrenfean waarden woansdei de prizen foar de bêste sporters útrikt op it Sportgala Fryslân. Sportman fan it jier waard shorttracker Sjinkie Knegt en sportfrou fan it jier sylster Marit Bouwmeester. Sjinkie waard wrâld- en Europeesk kampioen. Marit wûn sulver op it WK en se waard winner fan de wrâldbekerwedstriid. Trijfâldich wrâldkampioene hurdfytsen Alyda Norbruis waard beheinde sportfrou fan it jier.

Swimster Marrit Steenbergen waard sporttalint fan it jier mei goud en twa kear sulver op de European Games.

De follybalfroulju fan Snits waard de bêste sportploech. Sy waarden lânskampioen.

Skûtsjeskipper en SKS-winner Dirk Jan Reijenga wûn de priis foar de bêste beoefener fan Fryske sporten. Frijwilliger Tjitske Wind fan VC Snits waard útroppen ta 'assistint fan it talint'.

Maratonreedrydster Maria Sterk wûn de oeuvrepriis.

Iepenbiere basisskoalle It Twaspan fan Wynjewâld wûn de sport op basisskoallen priis.

Epke Zonderland spile mei syn band Gentlemen of the Peat (manlju fan it fean, dus fan It Hearrenfean) twa nûmers op it sportgala. Dy groep bestiet út sporters en âld-sporters. Reedrider Sjoerd de Vries spilet gitaar yn de band.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)