Wettersport komt mei foarstellen oer ferbreding eilantsjes

17 feb 2016 - 19:34

De wettersportferienings fan Goaiïngaryp en KWS út Snits hawwe yn 'e mande mei it Koninklijk Nederlands Watersport Verbond foarstellen dellein by de provinsje Fryslân. Sy fine dat by it breder meitsjen fan in tal eilantsjes yn de Snitsermar better rekken hâlden wurde moat mei de wettersport.

De ferbreding bart mei bagger en basaltblokken. De soarch is dat sylboaten by wedstriden tsjin de blokken oanfarre. Tongersdei wurdt dúdlik oft de partijen derút komme. Oant dy tiid begjint it wurk noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)