'Net rouwich om opstappen'

It is foar it CDA hielendal net ferkeard dat Geert Wilders opstapt. Dat seit fraksjefoarsitter Harry van der Molen fan it CDA yn Ljouwert op it mislearjen fan de besprekkingen yn it Catshuis. Neffens him gong de gearwurking de lêste tiid hieltyd dreger. Wol fynt er dat it minderheidskabinet op in oare wize besykje moat om in mearderheid te finen foar de besunigings fan 14 miljard euro. Van der Molen is wol benaud dat elke politike partij op syn eigen wize besykje sil om der better út te kommen. De opposysje sil nije ferkiezingen wolle.
PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi is bliid dat it Catshuisberied mislearre is. Sjoen de ûntwikkelings fan de lêste tiid hie se al ferwachte dat it net slagje soe. Nije ferkiezings binne neffens har de iennige opsje. De VVD en it CDA hoege net by de PvdA oan te klopjen foar stipe. Dêrfoar binne de ynhâldlike ferskillen op it stuit te grut.