Dantumadiel wol ljochtútstjit ferminderje

17 feb 2016 - 14:40

De gemeente Dantumadiel wol de ljochtútstjit yn it bûtengebiet mei 15 prosint ferminderje. It giet benammen om it Bûtenfjild en omkriten. De gemeente wol oparbeidzje mei de ynwenners. Der komt dêrom in ynformaasjejûn foar de bestjoeren fan Doapsbelangen fan ûnder oare Readtsjerk, De Falom en Feanwâlden, wêrnei't in klankboerdgroep oprjochte wurdt. Yn dy groep wurde de ferskate belangen besprutsen.

De gemeente wol dêrneist in technysk buro ynhiere, dat kostet 13.000 euro. De gemeenteried kin him yn juny oer it plan útsprekke.

Trefwurden: 
Dantumadiel ljochtútstjit
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)