Arriva: Mear omtinken foar belangen streekferfier

17 feb 2016 - 13:09

Iepenbier ferfierbedriuw Arriva wol dat steatssekretaris Dijksma rekken hâldt mei de belangen fan it streekferfier. Ferline wike waard bekend dat de steatssekretaris 10 miljoen euro frijmakket foar de feiligens yn it iepenbier ferfier.

Dat jild sil ûnder oaren bestege wurde oan ekstra befeiligers. De fraach nei mear feiligens spile op neidat begjin dizze moanne in kondukteur delstutsen waard troch in swartrider op it trajekt fan Heerlen nei Dútslân.

NS

Streekferfierders binne benaud dat de NS it measte jild krijt om de feiligens te ferbetterjen en dêrom ha fiif grutte ferfierbedriuwen in brief skreaun nei Dijksma. Roos Zevenboom fan Arriva hopet dat der in registraasjesysteem komt yn gearwurking mei de plysje. Dêr hawwe se goeie ûnderfiningen mei. 

Trefwurden: 
Arriva Roos Zevenboom
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)