Blessuere of net, Sjinkie is jûn by it Sportgala

17 feb 2016 - 12:53

It wie ûnwis, mar Sjinkie Knegt komt jûn wol nei Sportgala Fryslân. De shorttracker kaam ôfrûne wykein swier te fallen by de wrâldbekerfinale yn Dordrecht. De trije brutsen ribben, ynwindige kniezingen en in skuorke yn de lever, kinne Sjinkie net wjerhâlde om dochs syn gesicht sjen te litten by it gala op It Hearrenfean. 

"Knegt ferfeelt him dea"

Neffens syn manager Dennis Klaster fielt er him in bytsje better en boppedat ferfeelt er him dea. Oft hy de hiele jûn útsitte kin is noch net dúdlik, de dokter fan Sjinkie sjocht him leaver thús foar de telefyzje.

Knegt is nominearre yn de kategory Sportman fan it jier.

Live te folgjen

It Sportgala Fryslân is woansdeitejûn fan 20.00 oere ôf live te folgjen op Omrop Fryslân TV, fia omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)