Learlingen Liudger Technasium nei lanlike finale

v.l.n.r.: Luuk Terpstra, Kees Brouwer, Zara Huitema en Roos de Vries. © technasiumtopaward.nl
Fjouwer learlingen fan it Liudger Technasium yn Drachten hawwe tiisdei de regionale finale fan de Technasium Top Award wûn. Se meie no nei de lanlike finale yn Eindhoven op 22 en 23 april.
De Technasium Top Award is in lanlike wedstriid dy't elts jier hâlden wurdt foar alle twadde klassen fan it technasium. De opdracht wie dit jier om in ljochtkonsept te betinken foar yn de publike romte. It fjouwertal ûntwurp in ljochtkonsept mei beamlantearnen foar de gemeente Smellingerlân.