81-jierrige betize man moat rydbewiis ynleverje

It foarrút fan de 81-jierrige autobestjoerder © Politie Leeuwarden
In 81-jierrige automobilist út Ljouwert is woansdeitemoarn syn rydbewiis kwytrekke. De plysje krige in melding dat de man mei syn auto op de rotonde fan de Archipelwei en de Esdoornstrjitte stie. Doe't de plysje oankaam, wie de man fuort, mar hy waard op de Julianastrjitte sjoen en de plysjes setten him dêr oan de kant. Derby ried de bestjoerder tsjin de stoeprâne oan.
Foarrút auto
De man wie betize en ôfwêzich en hie mar in lyts part fan syn foarrút iisfrij makke. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en der is by it CBR in test oanfrege om te sjen oft de man noch ride kin.
Drachten
De plysje yn Drachten hat woansdeitemoarn fiif bestjoerders beboete om't se mei beferzen autoruten rieden. De plysje warskôget dat it gefaarlik is om mei beferzen ruten te riden, om't it sicht dan hiel min is. De hichte fan de boete is 230 euro.