Mooglike aksjes metaalfakbûnen tsjin Cofely

© Cofely-gdfsuez.nl
De metaalfakbûnen beriede harren op aksjes no't ynstallaasjebedriuw Cofely tiisdei it oerlis oer in sosjaal plan ôfbrutsen hat. Troch in reorganisaasje by it bedriuw ferlieze 65 minsken harren baan.
Dy ûntslaggen binne ferspraat oer de sân fêstigingen yn it Noarden, wêrûnder Ljouwert. Hoefolle ûntslaggen dêr falle, is noch net bekend.
De kommende wiken oerlizze de bûnen mei harren leden. De bûnen sjogge kânsen foar it finansjeel sûne bedriuw en ha grutte twivels by de needsaak fan de reorganisaasje. Se roppe it bedriuw op om te ynvestearjen en net te sanearjen.