Drachtster mishannele mei glês
Yn in hoarekagelegenheid yn Drachten hat in Drachtster (42) freedtejûn in glês yn it gesicht fan in plakgenoat (29) slein. Dat gebeurde by in rúzje. It slachtoffer rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht. De fertochte is letter op de jûn oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling.