Plysje pakt man op yn Drachten foar bedriging famylje

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitejûn in 22-jierrige Drachtster oanhâlden nei't hy syn famylje slim bedrige hie. By de oanhâlding yn in wenning oan it Riedhûsplein is in arrestaasjeteam ynset, om't der tocht waard dat de man in fjoerwapen yn syn besit hie. In fjoerwapen is net fûn, mar wol GHB.
De Drachtster sit noch fêst foar fierder ûndersyk. Fanwege syn psychyske tastân wurdt sjoen oft hy help nedich hat.