Ynwenners wolle lytser AZC yn Wytmarsum

16 feb 2016 - 20:38

De ynformaasjebyienkomst oer de mooglike fêstiging fan in asylsikerssintrum yn Wytmarsum luts tiisdeitejûn safolle belangstellenden, dat lang net elkenien nei binnen koe. De gemeente hat dêrom besletten letter op de jûn noch in byienkomst te organisearjen.

Yn totaal kamen goed 400 minsken nei it eardere gemeentehûs yn it doarp. By de gearkomste waard troch de oanwêzigen ûnder oaren fragen steld oer de feiligens en oer de finansiering fan it AZC. 

Minsken binne benaud dat it AZC te djoer wurdt en freegje har ôf oft der wol genôch plysje en personiel ynset wurdt. Ek it oantal asylsikers dat opfong wurdt, is punt fan diskusje.

De grutte mearderheid fan de oanwêzigen sei dat de 300 asylsikers dy't it COA opfange wol yn it alde kleaster, tefolle is. Der waard in petysje oanbean om te kommen ta in lytser oantal. Bewenners wolle graach in referindum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)