Frou (81) út Westerveld komt om by oanriding mei frachtauto

16 feb 2016 - 20:08

In frachtauto fan transportbedriuw Boonstra út Haulerwyk hat tiisdeitemiddei yn Wilhelminaoord belutsen west by in slim ûngelok. In 81-jierrige frou út de gemeente Westerveld is dêrby om it libben kaam. De frou is nei alle gedachten ûnder de oplizzer fan de frachtauto bedarre, doe't dy achterút ried.

It ûngelok wie op in smel dykje, dêr't de frou mei har hûn kuiere. De 30-jierrige sjauffeur út Fryske Peallen is troch de plysje oanhâlden foar fierder ûndersyk. By de helpferliening waard ek de brânwacht fan Noardwâlde ynskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)