Stimburo yn Fries Museum Ljouwert is te djoer en ferdwynt

Fries Museum yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Der komt net wer in stimburo yn it Fries Museum yn Ljouwert. Dat hat de gemeente besletten. It stimburo wie der as eksperimint by de provinsjale ferkiezings fan 2015, mar omdat der in soad ekstra minsken nedich binne set de gemeente it eksperimint net troch.
It giet benammen om befeiliging dy't ynhierd wurde moat, om de kolleksje fan it museum yn 'e gaten te hâlden. De oare 60 stimburo's yn Ljouwert bliuwe wol. By it referindum oer it ferdrach mei Oekraïne binne dy allegearre iepen.