Man ferwûne oan holle by spul
In frou (18) út Makkum hat freedtejûn by in rúzje in man (26) mei in stikken glês op de holle slein. Dat gebeurde yn in kafee oan de Waagsteeg. De man rûn in grutte wûne oan de holle op. Hy is troch de plysje nei it sikehûs fan Snits brocht. De frou is oanhâlden en nei it buro brocht.