Ljouwerter fêstiging fan Invito makket in trochstart

© ANP
De Ljouwerter fêstiging fan skuonwinkel Invito makket in trochstart. In grut diel fan it personiel liket dêrtroch oan it wurk bliuwe te kinnen. It bedriuw is oernaam, neidat it fallyt rekke as ûnderdiel fan Macintosh. Oare ûnderdielen fan dat memmebedriuw krigen earder al in nije eigener, it giet dan ûnder oare om Scapino en Manfield.
Neist Invito is ek foar Pro Sport en Steven Madden in nije eigener fûn. Lanlik hawwe dy trije bedriuwen sa'n 65 winkels. Oer de oername binne fierder gjin details nei bûten brocht.