"Mediawet hellet it net yn de Earste Keamer"

16 feb 2016 - 17:42

De nije mediawet fan steatssiktaris Sander Dekker hellet it net yn de Earste Keamer. Dat konkludearret de NOS nei petearen mei boarnen yn Den Haach. Ferskate partijen hawwe grutte beswieren tsjin ûnderdielen út de mediawet fan Dekker.

Grutste pinepunt is de ynfloed fan Dekker op de NPO en de ynfloed fan de NPO op oare omroppen. Fierder binne partijen poer tsjin de beneamingen fan bestjoerders by de NPO troch de steatssiktaris. Hy soe dêr 'VVD-freonen' delsette.

Dekker hat al wol tasizzings dien om ien en oar oan te passen, mar dat soenen de partijen net genôch fine. Sy wolle de feroarings earst op papier sjen. En de fraach is oft dat slagget foar 1 maart, de datum dat de Earste Keamer in beslút nimme sil oer de mediawet.

Omrop Fryslân

Foar Omrop Fryslân betsjut it útstel, en mooglik ôfstel, dat der foarearst gjin RPO, in organisaasje foar alle regionale omroppen, komt. Dêrtroch ûntstiet der ek ûndúdlikens oer de besunigings foar de regionale omroppen. Yn de mediawet stiet dat se meielkoar 17 miljoen euro besunigje moatte foar 1 jannewaris 2017.

Fierder hat Dekker earder tasein dat er wol ôfspraken meitsje wol oer de kontinuïteit fan programma's. Mar hy fielt net folle foar bestjoerlike selsstannichheid foar Omrop Fryslân. De provinsje Fryslân - en ek de Freonen fan Omrop Fryslân - stribje krekt nei bestjoerlike selsstannichheid. Yn de Earste Keamer is in soad sympaty foar dat stribjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)