CDA hat soargen oer plan fan Fryske Gea foar sâltere grûn

16 feb 2016 - 16:15

It CDA yn provinsjale steaten set fraachtekens by de winsk fan it Fryske Gea om yn te setten op it sâlter wurden fan grûn oan de binnenkant fan de seedyk. Neffens it CDA hat it Fryske Gea oanjûn dat dwaan te wollen yn oerlis mei de lânbou. Mar de boeren soenen oant no ta fan neat witte.

De partij wiist der op dat der yn it gebiet in soad lânboubedriuwen binne. It sâlter wurden fan de grûn soe fan ynfloed wêze kinne op de takomst fan dy bedriuwen. Sy moatte dêrom neffens it CDA by de plannen belutsen wurde.

De partij hat de provinsje frege om opheldering. It Fryske Gea wol de grûn sâlter meitsje mei it each op bysûndere planten en bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)