Gemeente ferget eigeners fertutearze gebouwen om opknapbeurt

Gemeente Dongeradiel
De eigener fan it eardere stienfabryk yn Eastrum moat mear wurk meitsje fan it opknappen fan syn fertutearze gebou. Dat hat de gemeente Dongeradiel bepaald. Dy sil de kommende tiid mear eigeners fan fertutearze gebouwen yn de gemeente fergje op opknapwurk.
De yntinsivere bemuoienis makket diel út fan it hanthaveningsplan 'Dongeradeel sprekt jo oan'. Dêryn ferdielt de gemeente it hanthavenjen yn trije kategoryen, dy't elk in eigen oanpak krije.
Tafersjoch en kontrôle
It opknappen fan fertutearze gebouwen falt yn kategory trije, de gemeente kontrolearret dêrby yntinsyf.
Oare aksjepunten fan de gemeente Dongeradiel binne dit jier ûnder oaren tafersjoch op nijbouprojekten, brânfeiligens fan gebouwen, asbest, bouwen yn beskermd doarps- of stêdgesicht en miljeukontrôles.