FNP stelt fragen oer finansjele takenning projekten KH2018

16 feb 2016 - 14:52

De provinsjale FNP-fraksje hat fan ferskate kanten begrepen dat de beslútfoarming oer de takenning fan de sinteraasje foar projekten fan Kulturele Haadstêd 2018 útbliuwt. Dêrby wurde neffens de FNP de inisjatyfnimmers mei ekstra fragelisten en burokrasy konfrontearre foardat de besluten nommen wurde kinne.

De FNP hat hjiroer fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. De FNP seit dat guon organisaasjes drige hawwe om op koarte termyn harren projekten yn te lûken as der gjin dúdlikens komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)