Politike druk op oandielhâlders Omrin nimt ta yn kwestje REC

16 feb 2016 - 14:45

Rûnom yn de provinsje nimt de politike druk op de wethâlders ta yn oanrin nei de ekstra oandielhâldersfergadering fan Omrin, no freed. Mei in moasje yn ferskate gemeenten wolle no ek de FNP, SP, GrienLinks en D66 de wethâlders as oandielhâlders fan Omrin in dúdlike opdracht mei jaan.

Sa moatte der ferbetteringen trochfierd wurde by de technyk fan de REC, by de bedriuwsfiering en der moatte bettere protokollen by kalamiteiten komme sadat der gjin gefaar foar de omwenners wêze kin. Ek de Frije Bilkerts op It Bilt wol mei in moasje komme.

Earder sei it CDA al dat de REC gjin beswier meitsje moat tsjin de twangsommen dy't oplein binne. Ek de PvdA wol dat de ôffaloven technysk oanpast wurdt sadat der gjin gefaar is foar de folkssûnens.

Trefwurden: 
druk oandielhâlders Omrin REC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)