Sluting V&D slacht 'gat in de stad' Ljouwert

Foar de twadde dei op rige is de V&D yn Ljouwert ticht. Dochs binne der yn it gebou noch in grut tal meiwurkers dwaande om alle guod te ynventarisearjen en de lêste saken ôf te hanneljen. It sjocht der nei út dat de winkel foar langere tiid ticht bliuwt.
Neffens riedslid en ûndernimmer Wyb Feddema is it enoarme strop, net allinnich foar de meiwurkers fan de winkelketen, mar ek foar de gearhing en de histoarje fan de stêd. Sluting fan it gigantyske pân is in 'gat in de stad', sa seit Feddema.
De winkel is in ikoan yn Ljouwert, seit Wyb Feddema. "Leeuwarden zonder V&D is hier bijna niet voor te stellen."