Underskieding Yvonne Bleize

Ald-wethâlder Yvonne Bleize is freed ûnderskieden as frijwilliger fan it Watersportverbond. Fjirtich Olympyske sporters meie de kommende tiid har favorite sportfrijwilliger yn it sintsje sette. Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple keas foar Bleize en mocht har fan it NOC*NSF en it Holland Heineken House in reiske nei de Olympyske Spelen fan Londen oanbiede.
Earder krige sportfrijwilliger Karel Lantermans fan Grou fan sylster Marit Bouwmeester in selde ûnderskieding.