Konsintraasje dioksine is net heger yn omkriten REC Harns

16 feb 2016 - 11:13

Der is gjin hegere konsintraasje dioksine fûn yn it gers en de boaiem yn de omkriten fan de REC, de reststoffe-enerzjysintrale yn Harns. Dat lit de analyze fan gersmeunsters fan it RIVM (Rijksinstituut Volksgezondheid en Milieu) sjen.

Der binne neffens it RIVM dan ek gjin oanwizingen dat der langere tiid in soad fan de giftige stof dioksine delkaam is. Bygelyks by steuringen fan de ôffaloven. Ek net by de kalamiteit fan oktober doe't der in soad dioksine de loft yngien is. It ûndersyk fûn plak yn opdracht fan de gemeente Harns.

Op 17 lokaasjes op 380 meter oant twa en in heale kilometer yn de omkriten fan de ôffaloven binne meunsters naam. Yn maart 2014, maart 2015 en desimber 2015. Der binne grutte ferskillen fûn op plakken flak bymekoar. Ek binne der ferskillen fûn yn de ferhâlding fan dioksine.

It gehalte is yn Harns leger as yn oare yndustrygebieten. Der komt lykwols wol in werhelling fan de ûndersiken, omdat der op guon lokaasjes sprake is fan in lytse stiging. Kritisy sizze dat der net op de goeie plakken ûndersyk dien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)