Grouster museum Hert fan Fryslân bestiet sechstich jier

16 feb 2016 - 10:24

It Grouster museum Hert fan Fryslân bestiet tiisdei presys sechstich jier. It museum koe yn 1956 oprjochte wurde troch in skinking fan (de frijgeselle frou) Attje Gaastra. Sy skonk har sieraden, porslein en tekstyl, ûnder betingst dat der in eksposysje fan har guod komme soe.

Yn it museum binne ek eksposysjes oer Wetter, de bekende bruorren Halbertsma, arsjitekt Kropholler en oer it feest Sint Piter. It museum sit yn Grou yn it eardere gemeentehûs fan de net mear besteande gemeente Idaerderadiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)