Fryske ynbring op Boot Holland is grut

Op de ynternasjonale wettersportbeurs Boot Holland is grutte Fryske ynbring. De beurs wurdt op dit stuit hâlden yn Ljouwert. Neffens beursmanager Pieter Fokkema hawwe seis op de tsien standhâlders in direkte bân mei Fryslân. Foarbylden dêrfan binne de elektryske sloep Happy Whale fan in ûndernimmer út Wergea en in skip fan mear as 4 ton dat folslein makke wurdt yn Noardburgum.