Soarchorganisaasje iepenet kattekafee yn Ljouwert

Der komt ek in kattekafee yn Ljouwert. Yn maaie giet it iepen, as de finansiering útiten is. Fia ûnder oare crowdfunding moat it kattekafee mooglik makke wurde.
It inisjatyf komt fan Rondomzorg. Dy organisaasje jout soarch lykas begelaat wenjen en deiprogramma's yn in feilige omjouwing. It kattekafee hat benammen ta funksje kliïnten fan de soachorganisaasje wat om hannen te jaan. Sy wurkje yn it kafee, as foarm fan deibesteging. Besikers oan it kafee kinne de katten aaien en oankrûpe en yn in húslike sfear in kop kofje of tee drinke.
Wêr't it kafee krekt komt, wol de organisaasje noch net sizze. It is wol dúdlik dat it deunby it Trompteater wêze sil.
De primeur foar it Noarden hie Hielkje Wester (26) út Earnewâld. Foarige wike iepene sy har kattekafee Op z'n kop yn Grins.