Fryske twastriid Jong Hearrenfean-Cambuur einiget yn 0-0

Jong Hearrenfean tsjin Jong Cambuur © Twitter Cambuur
De fuotbalwedstriid tusken Jong Hearrenfean en Jong Cambuur op sportpark Skoatterswâld is moandeitejûn yn 0-0 einige. Dêrtroch binne de mannen fan Jong Hearrenfean wis fan in plak by de earste fjouwer, en meie se meidwaan oan de kampioenspûl. Benammen yn de earste helte wie Jong Hearrenfean folle better. De ploech krige kâns op kâns, mar de bal woe der net yn.