Biltsk wol of net Europeeske minderheidstaal

© Omrop Fryslân
Foar de Biltske taal is it freed in wichtige dei. Dan wurdt in offisjele oanfraach foar erkenning fan it Biltsk as minderheidstaal yntsjinne by it Ministearje fan Ynlânske Saken. Minister Plasterk sil frege wurde it Biltsk op de list fan beskerme talen yn Europa te setten.
De oanfraach wurdt dêrnei trochspile oan in Europarlemintariër dy't op wurkbesite is yn Fryslân. It fersyk giet ek nei de Ried fan Europa.