Trije jier finzenisstraf foar oerfal op snackbar

In undercover-aksje fan in plysjeman yn 'e finzenis hat derfoar soarge dat in man út Ljouwert (22) feroardiele is foar in oerfal op in snackbar yn Grins. Hy moat trije jier de sel yn. Syn maat út Grinslân (21) krige in selstraf fan oardel jier.
De oerfal wie yn 2014. De manlju namen ûnder bedriging fan in mes it laad fan de kassa mei. Op basis fan in anonime tip koenen se pakt wurde. Om út te finen wat se krekt dien hienen, sette de plysje in undercover-aksje op tou. Neffens de rjochtbank is dat allegearre neffens de regels gien.