Sekswurkers dogge striptease op Ofslútdyk en It Hearrenfean

15 feb 2016 - 13:50

Sekswurkers hawwe moandei op de Ofslútdyk en op It Hearrenfean in 'fleshmob' en in striptease hâlden. Dat diene se op de dei fan de betelle leafde, dy't foar de twadde kear hâlden wurdt.

It giet om in inisjatyf fan Proud, de belangeferiening fan sekswurkers, lykas prostituees, escortgirls en meiwurkers fan sekslinen. Dy wol sa sjen litte dat sy grutsk binne op harren wurk. De sekswurkers hâlde moandei in toer troch hiel Nederlân. Se dogge ûnder oare ek Meppel, Zwolle en Almere oan.

Neffens in wurdfierder binne de reaksjes hast allegear posityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)