Stúdzjereis nei Eastenryk

Santich ûndernimmers en it gemeentebestjoer út Eaststellingwerf binne yn Salzburg op stúdzjereis. De kommersjele club Eaststellingwerf hat de reis nei Eastenryk opset om te sjen nei projekten dêr't oerheid en ûndernimmers yn gearwurkje. Se sjogge by in útsichtpunt yn de bergen by Salzburg, dêr't oerheid en bedriuwslibben mei inoar 85 miljoen yn stutsen. Der wurde ek lytsere projekten besocht.
Yn eigen streek wurkje ûndernimmers en oerheid gear oan it Ecommunity-projekt, in duorsum bedriuweterrein by Appelskea.