Sulver foar shorttrackers op de ôflossing

De huldiging fan de Nederlânske manljusploech mei Sjinkie Knegt © ANP
De Nederlânske shorttrackers hawwe snein op de ôflossing in sulveren medalje helle. De ploech mei dêryn de twa Friezen Dennis Visser fan De Lermmer en Itzhak de Laat út Ljouwert einige as fjirde troch in fal fan Mark Prinsen, mar sawol Koreä as Kanada krige in penalty. Dêrtroch skode Nederlân op yn 'e útslach en einige de ploech as twadde.
Ruslân wûn de ôflossingswedstriid, dy't oer 5 kilometer giet. By de priisútrikking stie ek Sjinkie Knegt op it iis.
Freed rekke de Bantegeaster ferwûne troch in fal, mar Knegt is yntusken wer út it sikehûs ûntslein.