Ferlies Cambuur yn Maastricht

20 apr 2012 - 22:15

SC Cambuur hat de lêste reguliere útwedstriid fan de kompetysje yn Maastricht mei 2-0 ferlern fan MVV. De Ljouwerters wiene folle minder op dreef as in wike earder by Helmond Sport. Krekt foar it skoft sette Malcolm Esajas de thúsploech op foarsprong. Yn de 67e minút foel de 2-0 fan Bryan Smeets. Yn de stân sakke Cambuur fan it fiifde nei it sânde plak. Willem II, 3-1 winst op kampioen Zwolle, is no fiifde. FC Den Bosch is nei de 2-0 winst op Almere City de nûmer seis. Cambuur hat 53 punten, Den Bosch 54 en Willem II 55.

It fiifde plak yn de einstân is belangryk omdat je dan yn de twadde ronde fan de neikompetysje begjinne. Takom freed spilet Cambuur de lêste wedstriid yn it eigen stadion tsjin Telstar.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)